Op wei nei it grêf van apostel Jacobus - Reisverslag uit Groningen, Nederland van Edwin Jong - WaarBenJij.nu Op wei nei it grêf van apostel Jacobus - Reisverslag uit Groningen, Nederland van Edwin Jong - WaarBenJij.nu

Op wei nei it grêf van apostel Jacobus

Door: J.A. te H.

Blijf op de hoogte en volg Edwin

23 December 2014 | Nederland, Groningen

Beste Edwin,
Fanne wike hawwe do en ik it hân oer dyn kuiertocht troch it Frânske lânskip. Hast my frege it reisferslag der fan is troch te nimmen en der my in reaksje op te kommen.It jout gjin pos om my der dan fan ôf te meitsjen mei in simpel en neat sizzend : it wie leuk of knap of it wie net leuk. Fan der in krekt wat langer stikje.
Reizgje, frjemde omkriten en routes, kaarten en dot soart fan guod hawwe myn interesse,en meitsje my meestal nijsgjirrich. Dyn fersiik wie dan ek in wier fernoegen en ik bin der efkes noflik faor sitten gien. Omdot ús memmetaal it meeste oansprekt doch it dizze reaksje in it Frysk, wol wittend dat dit my de nedige muoite en tiid kostjen giet.
www.edwindejong.werbistdo.no
Nei in bystsje sykjen kaam ik bei dyn ferslagen.

Ik hié al gouw yn de gaten dat it “der efkes foar sitten gean” goans oars út pakken gie.
Ik war mei slobbere en sûge yn de ferhalen en printsjes dys’t makke hiest. Derbei is myn nijsgjirrichens sa grut dat ik op myn twadde kompjûterskêrm Google Earth oan hie. Ik kin dan bei it leazen fuort en dalikst krekt sjen wert al de troch dei neamde stêdsjes en doarpkes en streamkes lizze. Der bin dan ek wer printsjes bei die ik dan iepenje. Dit om in goeie yndruk te krijen fân it gebiet wert dyn switdrupkes fallen binne en werd dyn prakkesaasjes soms like folle muoite hienen om de goeie rjochting te fienen as do sels. Dan binne der ek noch de reaksjes fan dyn freonen en famylje die ik efkes leaze woe.
Koart wei sein, fan ” it efkes sitten gean” is neat kaam. It wienen oeren. Twa kear haw ik alles troch leazen en besjoen. It wienen wol noflike oeren.
Om werom te kommen op de reaksjes die by dyn ferslagen stienen it folgjende: It had my rekke hoe folle leafde en mylibjen Tiny in har skriuwen oan dy merke lied. Oesa leaf.
De in myn eagen moaiste reaksje kaam fan dyn dochter Wietske, ik wie slop. 14 mei skriuwt se lekker sakelik: “Ben erg benieuw naar je onderhandelingen” Dit nei oanleiding fan dyn opmerking oer har Ipod.
De rest fan de reaksjes is sa ot jo ferwachtsje kinne fan freonen en famylje, leaf en positief. Gjin ien die him bane woe of doarre oan in kritieske noat of is op in ferassende wize ut de hoeke kaam.
Al die fearen in de kont sil der sa staardich oan wol ut weze. Hoe is it mooglik dast der mei noch sa rinne koest.

Ik tocht by mysels wêr is die jonge einst nei op paad, fan wêr al dat gekuier. It ein doel fan dizze pelgrimaasje blykt dus it grêf fan apostel Jakobus yn Compastella te wêzen. Wat foar bisunders ast do hast mei dizze apostel kom ik miskien nocheris te hearen. Wie it miskien krekt san frjemd apostel as dy? :)

Ik haw nei it leazen fan dyn ferslagen de yndruk krigen dat er foarôf geand on dizze tocht noch wol aardich wat tarieding west is. Hoe witte jo wêr al die gite’s binne? Hoe komme jo oan de telefoonnoemers der fan? Is der in soort fan boekje foar makke?
Do hast Le Puy as start plak naam. Werom jirre? Der binne meer stêden wert de route nei Compastella begjinne kin en mei.
Hoe wurket GPS. As digibeet haw ik der gjin ferstân fan. Matte jo alle nedige coördinaten foarôf thûs opsykje en opskriuwe? Of krije jo die automaties yn it skêrm as jo der op skrolle?
Yn hoe fier is de route thús fêst lein. Is de route GR65 de echte route en wike jo der oenderweis nei goedtinken fanôf? , of is der gjin echte route. Is de GR 65 in ald paad fan sân, blubber en keien of sit der ek asfalt by?

It moaie fan dyn ferhaal, tageliks ek de spanning, wienen al de fragen die at by my, en tink ek by de oare lêzers nei boppe kamen. Wêr gjit er hjoed lans? Hoefolle km. rint er hjoed? Wat foar frjemde hapsnurkers moetet er? Hald er it fol? Fient er sliepplak. Wa had er no wêr op de keamer? Komt er noch in amoureus, romantiesk ferhaal my ien fan al die froulje om hem hinne? Mei Catharina bygelyks, ergens tusken de soppige druven of ien de wiedske maisfjilden in lyts krupke.
Komt er noch in dip? Troch al dit it soort fan fragen bleaun ik troch lêzen tot ek ik Saint Jean berikke hie. Spitich genoch krij ik gjin stempel op de Credencial.

Wat ik my ek noch hieltiid dwande hald is it werom fan dizze pelgrimstocht. Koartwei ; wat bezield Edwin toch? Is it jo sels bewize maotte? Aventoer? Minderwurdigenscomplex, midlifestress? Wie de fietstocht nei Limburg net genôch?
Welk antwurd der ek mar by heard, ik fyn it in geweldiche prestaasje fan dy.
Misskien foar dy wer san nuvere fraach, 31 maaie skriuwst. “ik heb de innerlijke rust gekregen”. Wat makke dy ûnrestich? Wie die ûnrest er al does’t dizze tocht foarich jier oant plannen wiest?
No ast de rest fûn hast is it twadde diel fanôf Saint Jean nei Compastella dan noch nedich?

Dyn gekuier had mei ek neitinke litten. Haw ik ek san fersetsje, ûtspatting, ôfsundering of prestaasje nedich of bin ik der oan ta? Wêr sou ik dat oan sjen of fiele moatte? Oant no ta rin ik alle dagen nei de brievebus om de krante en der fiel ik my reedlik restig bei.

Bisunder oan de ferhalen wie ek de roomske omjouwing wer yn ast do rûn hast. Rozekranske, pelgimsmis, krûske slaan, alle dagen de seine, etc. Fjour wike celibaat sil dy dan ek net swier fallen weze.
It ferskaat oan minsken underweis mat foar dei in grut fernoegen west hawwe. Gedrach, hâlding en wurden fan minsken hawwe dyn ynteresse. Mei de djipsinniche fragen die ost do sa tusken noas en lippen wei stelle kinst, binne folle minsken wis ferwundere en ferrast west. Undanks it grutte tal oan minsken die as to moete hast bleaunen der yn dien ferhalen mar in pear fan oer. Krek as yn in film. Do de haadrol, sij de bijrol en sa no en dan wêr ferskienend. Moai beskreaun.
Do joegst fanne wike oan dat dyn ferslach noch al iepenhertich wie. Dat foel yn myn betinkst ta. Tiny sil wol aardich sinsuer tapast hawwe. In partsje Edwin hawwe sjoan en heard, de rest mat se moai foar har sels hâlde. Se had gelyk.

Net witte fan wa en hoefolle minsken jo ‘s nachts de dampen yn de noas hawwe lyked my neat, ek al lizze jo net yn it selde bed. Jo net efkes werom lûke kinne, meestal frjemde fugels om jo hinne, myn ding net. Privecy is op san tocht fan ûnderhearrich belang of net? Lang libje de caminocommune.
Krijst net noch in fear yn de kont mar fuord de hiele hin. Top prestaasje yn skriuwen en rinnen.
Fiel dy net ferplichte de fragen allegeare te beantwurdzjen.

Groetnis
JA te H

Copywrights
ISBN:987 80 145 1294 7

Reageer op dit reisverslag

Je kunt nu ook Smileys gebruiken. Via de toolbar, toetsenbord of door eerst : te typen en dan een woord bijvoorbeeld :smiley

Edwin

Wil je reageren: esdejong.edj@gmail.com

Actief sinds 10 Mei 2014
Verslag gelezen: 753
Totaal aantal bezoekers 38870

Voorgaande reizen:

18 Augustus 2015 - 24 September 2015

Naar Santiago de Compostela 2015

02 Mei 2014 - 05 Juni 2014

Frankrijk 2014

Landen bezocht: